Terug naar hoofdinhoud

Agenda

Lêzing troch Reitze Jonkman oer 'it Feensters'
Donderdag 19 Maart 2026

lezing reitze jonkman feensters

Op tongersdei 19 maart 2026 sil Reitze J. Jonkman om 19.30 oere in lêzing hâlde oer it 'Feensters' yn it Kunstcafé fan Museum Heerenveen oan de Minckelersstrjitte 11. De seal is fan 19.00 oere ôf iepen. Donateurs fan de stichting Historie Heerenveen kinne dizze jûn fergees bywenje. Foar net-donateurs is de entree € 7,50. Besikers krije yn it skoft fergees in kop kofje of tee oanbean.

Is it ‘Feensters’ in foarm fan Stedsk (Stedsfrysk)?

Dy fraach sil Reitze J. Jonkman yn syn lêzing beäntwurdzje oan de hân fan de skiednis fan de stedsdialekten yn Fryslân (bgl.it ‘Leewarders’) en it dialekt fan it Feen, ien fan de opmerklikste dialekten fan Fryslân én fan Nederlân. Hy giet dêrby ek yn op it ferskil tusken de ûntwikkeling fan de stêden en dy fan de lettere opkomst fan it doarp ‘Heerenveen’.

Dat is in doarpsnamme dy’t - oars as de stedsnammen mei in histoaryske fariant yn it Aldfrysk (bgl. Frana Eker) - fan it begjin ôf Nederlânsktalich west hat. Oan de oarder komt ek wat de link is mei it earste oantreffen yn de boarnen fan de gebietsnamme SHeerenfeen (1579). De namme fan it plak sels is jonger.

Belangstellenden kinne harren opjaan troch in e-mail te stjoeren nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken., mei fermelding fan it tal persoanen en oft jo al of net stiper binne. Telefoanysk oanmelde kin ek en wol op nûmer 06 51429200.

het friese nederduitsOer Dr. Reitze Johannes Jonkman 

Reitze JonkmanDr. Reitze Johannes Jonkman komt oarspronklik fan Nijskoat (*1957) en hat taalsosjolooch by de Fryske Akademy west. Syn lêste publikaasje Het Friese Nederduits (Afûk 2025) giet oer it algemiene ferhaal fan de skiednis fan it Nederlânsk yn Fryslân, dêr’t it Stedsk út fuortkommen is.

 

Sjoch ek de side van Historie Heerenveen